Keatsers mooglik op keunstgers

07 maaie 2004 - 00:00

In boppeslach meitsje op keunstgers is mooglik net lang mear takomstmuzyk. It keatsbûn ûndersiket nammentlik de mooglikheden foar keatsen op keunstgers.

It bûn docht dat yn gearwurking mei sponsor Arcadis. Op de keunstgersmatte fan fuotbalclub Cambuur is alfêst in proef hâlden. Dêrby is sjoen nei hokker effekten de bal krijt troch it keunstgers, mar ek wat de keatsers der fan fine. De earste resultaten binne posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)