Keatsers meie takom jier net mear skeef opslaan

19 nov 2015 - 21:58

Keatsers meie yn it nije seizoen net mear skeef opslaan. Dat is tongersdeitejûn besletten op de algemiene ledegearkomste fan keatsbûn KNKB. Dêr waard ek bekend makke dat FB Oranjewoud takom jier opnij de haadsponsor fan it KNKB wêze sil.

It berop fan wantemakker yn de keatswrâld wurdt frij jûn en dat bestjut dat keatser Cornelis Terpstra fan takom jier ôf syn eigen want meitsje mei. Oar belangryk punt is dat der weromgien wurdt nei tsien partoeren op de haadklassepartijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)