Keatsers lilk op haadbestjoer

22 jan 2014 - 23:57
  • KNKB

Haadklassekeatsers binne lilk op it haadbestjoer fan it keatsbûn KNKB. Dat die woansdeitejûn bliken by in byienkomst tusken de keatsers en it haadbestjoer. De KNKB hat yn FB Oranjewoud in nije haadsponsor fûn foar de kommende 4 jier. De sponsor easket eksklusiviteit wêr't it giet om de sonsornamme op it keatsshirt. De keatsers bale dêr fan. Sy fine dat der op it shirt ek romte komme moat foar de partoersponsors. Boppedat ferwite de keatsers it haadbestjoer dat der net earder oerlis west hat mei harren. De keatsers beriede har no op aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)