Keatsers fergje keatsbûn KNKB op oanpassen reglemint

20 jul 2015 - 12:50
  • De twa winnende partoeren fan de frije formaasjepartij yn Sint Jabik

It keatsreglemint moat oanpast wurde. Dat wol it partoer Wierd Baarda, Willem Heeringa en Douwe Anema. Harren advokaat Oscar van Oorschot seit dat it keatsbûn fair-play heech yn it findel stean hat, mar dat de regels in grut hiaat hawwe. As der achterôf in flater konstatearre wurdt, wurdt dêr neat mei dien. En dat moat oars. It partoer fan Baarda hopet oare keatsters achter har te krijen.

It moaiste soe wêze as it keatsbûn sels mei nije regels komt, seit Van Oorschot. Docht dy dat net, dan wurdt der nei de PC in boaiemproseduere oanspand.

Oanlieding foar de opskuor is in flater dy't makke waard yn in keatswedstriid yn Minnertsgea. Achterôf die bliken dat de tsjinstanner fan it partoer Baarda mei ferkearde wanten keatst hie. Mar it keatsbûn wegere de útslach oan te passen.

Sjoch ek dit artikel: Koart pleit tsjin KNKB giet moandei net troch
Sjoch ek dit artikel: Koart pleit oanspand tsjin keatsbûn KNKB

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)