Keatser Terpstra swier blesseard

22 sep 2006 - 16:29

Keatser Cornelis Terpstra is swier blesseard rekke by it kitesurfen. Hy kaam ferkeard op it wetter del en hie letsel oan 'e knibbel. Terpstra is mei yn 'e haast operearre oan in haadslachier yn syn ûnderskonk.

De kans is grut dat Terpstra yn de takomst mear operaasjes nedich hat om wer better te wurden. Hoelang't de âld-PC-winner útskeakele is en oft it gefolgen hat foar syn karriêre is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)