Keatser Taeke Triemstra posityf oer rentree

16 apr 2015 - 21:47
  • Taeke Triemstra (argyffoto)

Taeke Triemstra is posityf oer syn oansteande rentree op de keatsfjilden. De keatser út Sint-Jabik sit nei eigen sizzen op 80 oant 90 prosint fan syn âlde nivo nei syn skouderblessuere. Dochs is it noch net wis oft er der op de earste wedstriid, op 3 maaie yn Weidum, by wêze sil.

Dat beslút sil kommende wike falle. Mooglik sil Triemstra op 17 maaie yn Sint-Anne of pas yn it twadde part fan it seizoen syn rentree meitsje.

Triemstra hie foarich seizoen lange tiid lêst fan it skouder. Dêr is er yn septimber ferline jier oan holpen. Nettsjinsteande dat it in riskante operaasje wie, is Triemstra tefreden oer hoe't it der no foar stiet. "It giet wol knap. Ik bin der noch net, mar it giet de goede kant op."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)