Keatser Marten Feenstra ferfangt Cornelis Terpstra

12 jun 2015 - 21:39
  • Marten Feenstra komt wer werom op de keatsfjilden

Keatser Marten Feenstra sil mei yngong fan de frije formaasjepartij fan 21 juny yn Sint-Jabik keatse mei Tjisse Steenstra en Herman Sprik. Feenstra is dêrmei de opfolger fan Cornelis Terpstra, dy't ôfrûne wike bekend makke dat hy ophâldt as keatser. Dit nei in skeel mei it keatsbûn KNKB oer de keatswant.

Marten Feenstra wie ferline jier fanwege privee-omstannichheden ophâlden as topkeatser, mar hy kin it no sa ploaie dat hy op de frije formaasjepartijen keatse kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)