Keatser Hotze Schuil ferstoarn

26 nov 2005 - 17:32

De Harnzer topkeatser Hotze Schuil is freed yn syn wenplak Harns yn 'e âldens fan 81 jier ferstoarn. Schuil wurdt troch kenners beskôge as de grutste keatser fan 'e twintichste ieu. Schuil wûn de PC seis kear en waard trije kear útroppen ta kening fan 'e PC. Schuil wie benammen in betûft opslagger, dy't yn 'e regel keatste op sokken en yn in lange swarte broek.

Yn it keatsklassemint stiet Schuil op it twadde plak nei Piet Jetze Faber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)