Keatsen yn Jorwert ôflaske

06 maaie 2005 - 15:10

De haadklasse keatspartij foar manlju yn Jorwert fan sneon is ôflaske. Skiedsrjochter Peter de Bruin út Mantgum en de wedstriidlieder fan de KNKB Tinus Boomstra hawwe dat yn oerlis mei it bestjoer fan Jorwert besletten.

It fjild is te min troch de rein fan de ôfrûne dagen. It is noch net bekend oft de wedstriid op in oar tiidstip spile wurdt. Yn 2001 waard it keatsen yn Jorwert ek ôflaske fanwege de tongblierkrisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)