Keatsen populêr by jeugd

20 maaie 2004 - 00:00

Keatsen is noch hieltyd populêr ûnder jongerein. Sa docht dit Himelfearts- wykein bliken yn Appelskea. Dêr wurdt foar de 15de kear it keatskamp fan it KNKB hâlden. 85 jongens en famkes út hiel Fryslân dogge dêr oan mei.

It kamp is foar jongens en famkes fan 10 oant en mei 14 jier, fan begjinnende keatsers oant en mei seleksje-spilers. In ferskil yn nivo is dus grut. It tema is dit jier Olympyske Spelen. Der waard sels in Olympyske flam oanstutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)