Keatsen: haad- en earste klasse

15 aug 2004 - 13:31

De útnoegingspartij haadklasse keatsen yn Dokkum waard sneon wûn troch Klaas- Anne Terpstra, Jan-Willem van Beem en Auke van der Graaf. Sy fersloegen Sibbele Lootsma, Jacob Wassenaar en Pier Piersma. Tredde waard it partoer fan Johannes Dijkstra.

Yn Bitgum wie it earste-klasse-keatsen. Winner waarden Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. It partoer fan Pieter Bakker, Peter Dijkstra en Marten Hiemstra waard twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)