Keatsbûn yn it offinsyf

21 nov 2014 - 00:34
  • Keatsen telegraaf

Foarsitter Sipke Saakstra sette tongersdeitejûn by it begjin fan de Algemiene ledegearkomste fan it keatsbûn KNKB yn Frjentsjer stevich de toan. De KNKB preses hie him bot steurd oan allerhanne publikaasjes mei de strekking dat it haadbestjoer fan de KNKB te passyf wêze soe yn in tiid dat it keatsen hieltyd minder minsken lûkt en it spul net oer nei hûs te skriuwen is. Sels de PC krige in feech, omdat foarsitter Westra in krityske iepen brief opsteld hie. De gearkomste smiet gjin fjoerwurk op, mar duorre wol goed trije oeren.

FB Oranjewoud hat it sponsorkontrakt mei de KNKB wer foar in jier ferlingd. De sponsor besteget jierliks 165.000 euro oan it keatsen. It KNKB krijt takom jier 112.000 euro. De begrutting fan de KNKB foar 2015 is rûn, mar stiet stevich ûnder druk. Op 4 desimber is der wer in Algemiene gearkomste. Trochdat minder as de helte fan de oansletten ferienings by de gearkomste wie, koe wiziging fan de statuten net troch gean. Dyselde statuten skriuwe dan foar dat der op koarte termyn in nije gearkomste útskreaun wurde moat. Dy is dus bepaald op 4 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)