Keatsbûn moat mear diedkrêft toane

05 mrt 2015 - 23:37
  • KNKB

It keatsbûn KNKB moat mear diedkrêft toane. Dat sei René Lammers fan it NOC*NSF tongersdei op it ledeberie fan it keatsbûn. Oan de oare kant moatte de ferienings ek mear belutsenheid bringe as it giet giet om saken dy't spylje yn de keatswrâld sa sei Lammers. It bûnsburo fan de KNKB bliuwt foarearst op It Hearrenfean, mar der sil wol wurke wurde oan in weromkear nei Frjentsjer. "De hoarizon leit yn Frjentsjer", sei skiedend bûnsfoarsitter Sipke Saakstra.

Sawol by de manlju- as froulju haadklassers sil dit seizoen keatst wurde mei maksimaal acht partoeren. De partijen begjinne by de manlju om 12.30 oere en by de froulju om 12.00 oere. "Keatse yn dagdelen" neamde haadbestjoerslid Tjeerd Dijkstra it. Utsûnderings binne in tal saneamde "Grand Slam partijen". Dêr sil keatst wurde mei 12 partoeren en dy partijen begjinne om 11 oere. Lykas as by de manlju, komt der ek by de froulju in keats-off foar it lêste plak op de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)