Keatsbûn behâldt subsydzje

15 sep 2000 - 15:25

It Keatsbûn hâldt syn jierlikse subsydzje fan 65 tûzen gûne. Dêrnjonken kin it bûn mei oare Fryske sporten steat meitsje op jild foar projekten. It bûn wol himsels ynternasjonaal profilearje.

As iennige Fryske sport kriget it keatsbûn in jierlikse provinsjale bydrage. Yn 'e nije opset soene se in gruttere pot mei jild diele moatte mei de oare Fryske sporten.Dat is no fan 'e baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)