Keatsbal ûnder de hammer

08 okt 2014 - 12:07
  • De keatsbal dy't feild wurdt
  • It feilde houliksdoaske

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts hat in bysûnder sulveren houliksdoaske út 1650 binnenkrigen op de taksaasjedei ôfrûne moanne. It stik wurdt takom wike feild en moat nei skatting tusken de 8.000 en 10.000 euro opbringe. It feilinghûs hat ek in sulveren keatsbal út de 18e ieu yn hannen krigen. De keatsbal is mei de hân gravearre. Der binne net folle mear fan dizze sulveren keatsballen en it feilinghûs hopet dan ek dat de bal yn Fryslân bliuwt.

Op de feiling komme takom wike mear as 500 sulveren foarwerpen ûnder de hammer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)