Keatsbal smyt 4000 euro op

28 okt 2003 - 00:00

De sulveren keatsbal dy't it feilinghûs Ald Fryslân yn Snits moandei feilde, hat 4000 euro opbrocht. It giet om in keatsbal fan 200 jier âld dy't nei alle gedachten in haadpriis wie by in wichtige keatspartij. Hokker partij dat wie, is net bekend.

De keatsbal waard te keap oanbean troch Westerlingen mei Fryske foarâlden. De keatsbal is kocht troch âld-juwelier Klaas Kramer út Tsjom. Hy is in gut keatsleafhawwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)