Keats-PC spesjaal foar boeren

01 mrt 2006 - 10:37

Op 8 juny is yn Stiens de earste PC-keatspartij foar boeren. Trije bedriuwen út de agraryske sektor hawwe dat opset. Se fine dat der foar boeren te min eveneminten binne mei in ûntspannen karakter. Oars binne it altyd stúzjedagen of beurzen.

Stiens is keazen foar de earste edysje fan de Boere-PC yn it ramt fan de Stienser Keatsdagen. Der kinne maksimaal 144 boeren meidwaan oan de keatspartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)