Keats-ikoan Helfrich ferstoarn

09 sep 2010 - 12:57
  • Frans Helfrich (rjochts)

Ofrûne nacht is âld keatskening Frans Helfrich ferstoarn. Hy wie in grutheid binnen de keatswrâld en wûn ûnder oaren de legindaryske PC fan 1942. Helfrich wie ien fan de grutske besitters fan it klaverke fjouwer (winner fan Jong Nederlân, Freule, bûnspartij en PC).

Tegearre mei in oare grutte leginde, Hotze Schuil, wist hy mear as 50 kear in krâns te winnen. Helfrich wie de lêste moannen al slim siik. Hy is 90 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)