Kearslûs yn Ouwe Syl opknapt

27 maaie 2007 - 15:29
  • Feest yn Ouwe Syl (foto Johan Visbeek)
  • De taspraak fan boargemaster Van der Werff (foto Johan Visbeek)

Hûnderten ynwenners fan Ouwe Syl hawwe sneontemiddei de opknapte kearslûs yn it doarp feestlik yn gebrûk nommen. De kearslûs waard ein ferline jier yn âlde steat hersteld as ûnderdiel fan in opknapbeurt fan it sintrum fan Ouwe Syl.

Dêrmei giet in lang koestere winsk fan de doarpsbewenners yn ferfolling om de histoaryske wearde fan Ouwe Syl as seehaven te behâlden en yn toeristyske sin te benutten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)