Kearskes en minút stilte by kuorbaltoernoai yn Twizel

20 maaie 2015 - 10:45
  • Betinking mei kearskes
  • Kuorbaltoernoai Twizel yn folle gong

By it begjin fan it jierlikse kuorbaltoernoai foar skoallen wurdt yn Twizel woansdeitemiddei in koarte betinking hâlden foar de slachtoffers fan it dug-out drama. It is presys in jier lyn dat in famke fan 10 om it libben kaam, doe't in dug-out ynstoarte. In groepke bern wie boppe-op it hokje njonken it fjild klommen. Fiif oare bern rekken by it ûngelok ferwûne.

By de betinking sille trije koarte taspraken hâlden wurde, ûnder oaren troch boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen. Ek wurdt in minút stilte hâlden.

Nei alle gedachten binne der sa'n 800 âlden, bern en frijwilligers by. Op it terrein is ek in plak ynrjochte dêr't minsken in kearske oanstekke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)