Kears falt om: brân yn gerdyn

18 mrt 2008 - 11:26

Yn in flat oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert hat moandeitejûn in koarte brân west yn in flat. Wylst de bewenners foar de televyzje sieten, foel in baarnende kears om. Dêrtroch fleach in gerdyn in de brân. De bewenners krigen it fjoer net út en skeakelden de brânwacht yn.

De flat hat reekskea oprûn, lykas de njokkenlizzende wenten. Der rekke gjin ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)