Kearnsônes funksjonearje net

07 okt 2004 - 13:10

De twa ekonomyske kearnsônes yn Fryslân funksjonearje net goed. It kontakt tusken oerheden en bedriuwslibben kin better yn de A7-sône by It Fean en Drachten en de Westergosône tusken Harns en Ljouwert.

De Keamer fan Keaphannel fynt dat der te min konkrete projekten yn de sônes binne en dat de organisaasje om mear bedriuwen nei de gebieten ta te heljen net optimaal is. Projektburo's yn dy kearnsônes kinne in oplossing wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)