'Kearnôffal faaks nei Fryslân'

05 mrt 2011 - 12:19

Greenpeace beweart dat gebieten yn Súdwest- en Noardeast-Fryslân yn byld binne foar takomstige ûndergrûnse opslach fan kearnôffal. De miljeu-organisaasje hat op eigen inisjatyf ûndersyk dwaan litten nei de boaiemstruktuer yn Nederlân.

Oanlieding is it plan fan minister Verhagen in twadde kearnsintrale te bouwen yn Nederlân. Klaaigrûnen yn Súdwest-Fryslân, Dongeradiel en it Waad by Skiermûntseach foldogge oan de strange easken foar ûndergrûns ôffal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)