'Kearndoelen Frysk net omleech'

24 feb 2005 - 11:25

De Feriening Frysk Underwiis kin him net fine yn de foarstellen fan it Underwiisministearje foar de nije kearndoelen fan it Frysk. Dy moatte der net komme, skriuwt de feriening oan de deputearre en provinsjale steaten.

Basisskoallebern moatte Frysk leare op itselde nivo as Nederlânsk. Yn de nije kearndoelen wurde minder hege easken oan de Fryske taalbehearsing steld. Dan wurdt it Frysk in twadderangs taal, fynt de FFU.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)