Keapsneinen stelle CU teloar

04 jun 2013 - 10:31
  • De Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert

De ChristenUnie yn Ljouwert is bot teloarsteld oer it plan foar 22 keapsneinen yn de stêd. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dat graach. Ut gemeentlik ûndersyk docht bliken dat der romte foar ekstra keapsneinen is.

De ChristenUnie en it CDA ha sels ek in ûndersyk dien, dêrút komt nei foaren dat lytse ûndernimmers mear keapsneinen net sitten sjogge. It soe neffens Arco van Daalen fan de ChristenUnie skande wêze as lytse ûndernimmers it net mear bolwurkje kinne as se ek op snein iepen binne.

Boargemaster en wethâlders stelle foar dat de winkels alle lêste sneinen fan de moanne iepen meie, plus alle sneinen yn novimber en desimber. Besjoen wurdt oft der yn de simmermoannen net noch wat by kin. It kolleezje wol fierder dat winkels dy't libbensmiddels ferkeapje alle sneintemiddeis iepen meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)