Keaplju Drachtster peaskemerk binne teloarsteld

28 mrt 2016 - 11:59

Merkkeaplju fan de Drachtser merk binne teloarsteld. Troch it minne waar fan moandei hat de tradisjonele peaskemerk yn it sintrum fan it doarp noch net in soad besikers hân.

Oare jierren is it altyd tige drok op de merk, mar de besikers binne op dizze twadde peaskedei op in pear hannen te tellen. Boppedat binne der ek in soad minder kreamkes dit jier. ''Want foar de ferkeapers is it ek net noflik om de hiele dei yn de hurde wyn en de rein te stean'', sa seit in ferkeapster fan de merk.

As it waar net better wurdt, wolle in tal ferkeapers it guod earder opromje. De merk duorret offisjeel noch oant moandeitemiddei 17.00 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)