Keapkontrakten Techum opsein

25 sep 2007 - 09:59

Tweintich minsken dy't in hûs kocht hawwe yn de nije Ljouwerter wenwyk Techum kinne op syk nei in oar hûs. Projektûntwikkeler Bouwfonds hat de keapkontrakten opsein.

Der is noch altyd gjin boufergunning foar de huzen en it duorret noch yn elk gefal oant desimber foardat der in beslút oer naam wurdt. Dan sil de rjochter deroer ta set. Neffens Bouwfonds duorret dat te lang en wolle se de keapers net oan it lyntsje hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)