Keaphuzen 9% djoerder wurden

25 feb 2014 - 11:08
  • Hús te keap

Keaphuzen yn Fryslân binne yn in jier tiid goed njoggen prosint djoerder wurden. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Kadaster. In keaphûs koste yn Fryslân yn jannewaris fan dit jier yn trochsneed goed 177.000 euro. Yn jannewaris ferline jier wie dat noch njoggen prosint minder.

De huzen yn Fryslân binne de op ien nei goedkeapste fan Nederlân. Allinnich yn Grinslân lizze de prizen noch leger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)