Keaphûs makliker foar eilanners

24 apr 2004 - 00:00

Bewenners fan de waadeilannen moatte makliker in hûs keapje kinne op ien fan de eilannen. In mearderheid yn de Twadde Keamer liket dêrfoar te wêzen. Dat sei foarsitter Saskia Noorman fan de fêste keamerkommisje Binnenlânske Saken.

Skiermûntseach hie om maatregels frege, om't eilanners it dreech hawwe foar in reedlike priis in hûs te keapjen. De kommisje brocht de ôfrûne dagen in wurkbesite oan de waadeilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)