"Keaphûs is is gjin jildmasine mear"

09 mrt 2015 - 12:50
  • Hûs te keap

De tiid dat in in keaphûs yn de rin fan de jierren automatysk jild opsmyt foar de eigener, is foarby. Dat is de konklúzje fan in rapport fan de ING Bank oer de wenningmerk. Benammen yn lytsere plakken wurde huzen net djoerder. Der moat sels rekken hâlden wurde mei weardefermindering, sa stiet yn it ING-rapport.

Dochs is makeler Remco van Dijk fan Roos Makelers yn Dokkum posityf. Neffens him binne de prizen fan huzen werom op it nivo fan 2003. Minsken gean troch de legere prizen krekt faker oer ta de keap fan in hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)