Keaper foar Prins Willem

26 jul 2010 - 21:57
  • De Prins Willem yn bettere tiiden
  • De baarnende Prins Willem

Foar de ôfbaarnde VOC-replika Prins Willem hat him in keaper melden. Neffens eigner Jelle Talsma wol ferdivedaasjepark Duinen Zathe yn Appelskea it skip wol keapje as ûnderdiel fan in grutte maritime attraksje yn Harns.

Talsma hat in werf yn Frjentsjer. Hy kocht it skip ferline jier nei't it ôfbaarnd wie yn Den Helder. Der is rûchwei 15 miljoen euro nedich om de Prins Willem wer hielendal op te knappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)