Keamerorkest nei De Jouwer

09 jun 2009 - 11:39

De haven fan De Jouwer is op 21 juny it dekôr fan in Midsimmernachtkonsert troch it nasjonaal symfoanysk keamerorkest. It is in inisjatyf fan de stifting Frysk Klassyk Festival. Dy organisearret it kommende jier tal fan klassike konserten yn tsjerken en oare publyk tagonklike gebouwen.

Derby wurde nasjonale en ynternasjonale artysten útnoege. Mei de konserten wol de stifting it toerisme stimulearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)