Keamerlid CDA: "Eltse provinsje moat regionale omrop hâlde"

07 okt 2015 - 12:53
  • Omrop Fryslân

Eltse provinsje moat yn de takomst in eigen regionale omrop hâlde. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Pieter Heerma in dei foar't de Twadde Keamer him tongersdei bûcht oer de takomst fan de regionale omroppen. Heerma fynt it in goede saak dat de steatssekretaris posityf is oer it eigen plan fan de regionale omroppen om mear gear te wurkjen en sa jild te besparjen.

Wol moat neffens Heerma boarge wurde dat de omroppen harren eigen kanalen hâlde om de útstjoerings te fersoargjen. Hy fynt in sterke regionale omrop wichtich foar it funksjonearjen fan de provinsjale sjoernalistyk en de regionale identiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)