Keamerleden útnoege foar aksje

14 okt 2004 - 11:04

De Waadferiening bringt 150 fakkels by de Twadde Keamer yn Den Haach. Dêrmei noeget de Waadferiening de Twadde Keamerleden út foar de grutte fakkel- aksje takom wike freed. De Waadsee wurdt dan ferljochte mei 5000 fakkels. De Waadferiening hopet dat de keamerleden troch de aksje kieze foar it beskermjen fan de Waadsee. Op 9 novimber praat de Twadde Keamer mei de ministers fan Miljeu en Ekonomyske Saken oer it Waadsee-belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)