Keamerleden reizgje troch SWH

29 jan 2010 - 11:17

De fêste keamerkommisje Ynlânske Saken reizget freedtemoarn troch Súdwest Fryslân. De Twadde Keamer moat ynkoarten beslute oer de weryndieling fan fiif gemeenten ta ien nije gemeente.

Freedtemoarn binne de keamerleden ûntfongen yn Boalsert troch boargemaster Vroegindeweij en Kommissaris Jorritsma. Nei de busreis troch it gebiet is der middeis in harksit yn Snits. Derfoar hawwe har in 30-tal sprekkers oanmeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)