Keamerleden nei it Vliet

04 jun 2007 - 17:11
  • Joldersma en Teeven by it plak foar de plande heroïnepost

Twa Keamerleden, Teeven fan 'e VVD en Joldersma fan it CDA, hawwe moandei yn Ljouwert west om te sjen nei de plande heroïnepost op It Vliet, tichtby in basisskoalle.

Mei in rûnlieding troch de buert wol in komitee tsjin de heroïnepost de sitewaasje sjen litte. Buertbewenners binne benaud foar oerlêst, as ferslaafden en skoalbern sa ticht byinoar komme. Se binne dwaande mei in lobby tsjin de fêstiging fan de post.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)