Keamerfragen útsetting famke

27 nov 2010 - 10:23

Grien Links stelt tiisdei keamerfragen oer de 14-jierrige Sahar út Sint-Anne. It famke en har famylje driigje útset te wurden nei Afganistan, dêr't se fan oarsprong weikomme. It gesin besiket al tsien jier in ferbliuwsfergunning te krijen.

Freondinnen fan Sahar binne yn aksje kaam om der foar te soargjen dat se hjir bliuwe kin. Se sammelje hantekens en ha in hyves-pagina foar har makke. Dy site hat yntusken mear as 2500 sympatisanten út it hiele lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)