Keamerfragen SP oer Sionsberg

15 sep 2012 - 13:23
  • De Sionsberg

De SP hat keamerfragen steld oer de sluting fan de bertesoarch yn sikehûs Sionsberg yn Dokkum. De partij wol fan minister Schippers witte oft it wier is dat de ôfdieling allinnich om finansjele redenen sletten is. Dat wie de konklúzje fan in ûnôfhinkelik ûndersyk. De SP freget him ôf oft der sprake is fan 'ongebruikelijk nauwe banden' tusken de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch en soarchfersekerder De Friesland.

Neffens de SP yn de Twadde Keamer wekke de nauwe bannen op syn minst de skyn fan belangeferstringeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)