Keamerfragen oer skea troch mûzen yn Súdwest-Fryslân

13 jan 2015 - 19:01
  • Mûs

De fraksjes fan it CDA en de VVD yn de Twadde Keamer ha skriftlike fragen steld oan steatssekretaris Dijksma fan Ekonomyske Saken en oan minister Schultz-van Haegen fan Miljeu oer de gefolgen fan de mûzeskea yn Fryslân.

De fraksjes wolle ûnder oaren witte oft Dijksma en Schultz-Van Haegen op de hichte binne fan de hast 500 meldingen fan skea dy't yntusken dien binne. Ek wolle se witte oft se op de hichte binne fan de skea dy't de mûzen oanbringe oan de diken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)