Keamerfragen oer sitewaasje by Prader-Willi Hûs Mûnein

01 okt 2015 - 11:19
  • It Prader-Willi Hûs yn Mûnein

PvdA Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Marith Volp hawwe nei oanlieding fan de berjochtjouwing troch Omrop Fryslân oer it Prader-Willi Hûs yn Mûnein fragen stelt oer de sitewaasje by de opfang. De Keamerleden wolle witte wat de stân fan saken is fan it tafersjoch troch de ynspeksje foar de folkssûnens. Dat is ferskerpe nei eardere berjochten dat der wat mis wie by de opfang.

Ek wolle se witte oft de ynspeksje op de hichte is fan de mishannelings dy't neffens âld-meiwurkers plakfine en wat der oan dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)