Keamerfragen oer Lauwersdiken

20 sep 2012 - 21:07
  • Sander de Rouwe

Sander de Rouwe, Twadde Keamerlid foar it CDA, hat keamerfragen steld oer de situaasje fan de dyk om de Lauwersmar hinne. Hy wol fan de minister witte oft dy wist dat al yn 2010 dúdlik wie dat 7,5 kilometer fan de Lauwersmardyk oan fersterking ta wie.

Dêrneist freget De Rouwe oft der noch mear diken binne dy't swak binne en wat der oan dien wurde sil om dy diken yn de gaten te hâlden. Hy freget ek wat de gefolgen binne fan de besunigings fan 9 miljoen foar de kwaliteit fan de seediken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)