Keamerfragen oer deadlik geweldsynsidint yn Ljouwert

22 okt 2015 - 07:07

D66 Twadde Keamerlid Magda Berndsen wol de minister fan justysje takom wike fragen stelle oer de gong fan saken by it deadlik geweldsynsidint yn Ljouwert. Dêrby brocht de eks-tbs'er Udo D. moandeitemiddei in 68-jierrige frou om it libben en ferwûne hy in pear oare minsken

De âld-korpssjef fan de plysje Fryslân wol witte oft der genôch dien is mei de sinjalen dat dizze man in 'tikkende tijdbom' wie wylst hy al wer in skoftke frij omrûn. Takom wike woansdei stiet der yn Den Haach in regulier tbs-oerlis op it programma.

Neffens Berndsen in goed momint om de dramatyske ôfrin fan it ynsidint yn Ljouwert as foarbyld oan te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)