Keamerfragen oer asylsykster

22 maaie 2006 - 20:42

It Fryske Twadde Keamerlid Huizinga (ChristenUnie) hat fragen steld oan minister Verdonk oer in asylsykster yn it azc fan Drachten. Sharara Mozafari is yn Nederlân bekeard ta it kristendom, mar hat berjocht krigen dat se binnen 28 dagen it lân út moat.

Verdonk hat yn april sein foarearst gjin Iraanse homoseksuelen of kristenen werom te stjoeren nei Iran. It is net dúdlik hoe't se behannele wurde as se dêr weromkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)