Keamerdebat oer omroppen

27 jun 2011 - 13:29

De partijen yn de Twadde Keamer komme moandei by it debat oer de besunigings op de omroppen amper oan de regionale omroppen ta. Alle sprekkers hawwe heechút seis minuten de tiid en dy brûke se benammen om te sjen nei wat it kabinet mei de lanlike omroppen wol.

It CDA fynt wol dat Omrop Fryslân ek programma's oer de Fryske kultuer meitsje moatte kin, de VVD frege opheldering oer de regionale radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)