Keamer wol rap spoar nei Noarden

24 maaie 2006 - 06:54

It Noarden kin hoop hâlde op in flugge spoarferbining mei de Rânestêd. In mearderheid yn de Twadde Keamer is tsjin it skrassen fan it spoar, lykas it kabinet wol. Der moat yn alle gefallen serieus sjoen wurde nei it alternatyf fan in hegesnelheidstrein.

Dat waard tiisdei sein nei oanlieding fan in protestmanifestaasje yn Den Haach. Der waard in petysje oerlange mei tûzenen hantekens tsjin it skrassen fan it Suderseespoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)