Keamer tsjin sluten feemerken

16 maaie 2001 - 00:00

De Twadde Keamer fielt neat foar it sluten fan de feemerken. De measte fraksjes binne net oertsjûge fan de foardielen fan sa'n drastyske maatregel.

Oer de feemerken is diskusje sûnt it útbrekken fan tongblier. Feemerken soene fersprieding fan syktes yn 'e hân wurkje. Minister Brinkhorst sei dit wykein dat er wol wat fielt foar it ôfskaffen fan de feemerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)