Keamer tsjin opslach ûnder grûn

18 jun 2003 - 00:00

De Twadde Keamer hat him útsprutsen tsjin de ûndergrûnske opslach fan kearnôffal. Dêrmei slút de Keamer oan by de miening fan steatssekretaris Van Geel fan Miljeu. Se binne tsjin om't de kosten en gefolgen ûndúdlik binne.

De Europeeske Kommisje is noch dwaande mei it opstellen fan regels foar kearnsintrales en de opslach fan har ôffal. As de opslach tastien wurdt, komt dêrmei ek opslach yn bygelyks de sâltkoepels by Ternaard wer yn byld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)