Keamer stipet regio-omroppen

01 jul 2011 - 09:40

De trettjin regionale radiostjoerders fan Nederlân lykas Omrop Fryslân moatte oerein en selsstannich bliuwe. De Twadde Keamer stipe tongersdei in moasje fan de VVD, dêr't dat yn stiet. De VVD kaam mei dy moasje, omdat minister Van Bijsterveldt wol dat de regionale omrop en de lanlike omrop gearwurkje. Dy gearwurking jildt lykwols allinnich foar televyzje.

De CDA-moasje foar de kalamiteite-funksje fan de regionale omroppen waard unanym oannommen troch de Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)