Keamer stipet natuerboeren

14 okt 2001 - 00:00

De Twadde Keamer wol mear jild foar boeren dy't miljeufreonlik wurkje. Mei subsydzjes foar 'natuerboeren' wurdt Nederlân griener en komme der mear diersoarten. Sa nimt it tal greidefûgels ta as de boeren minder meane.

Steatssekretaris Faber fan Natuerbehear moat no wol gauris oanfragen ôfwize om't der te min jild is. De Keamer debattearret moandei oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)