Keamer stiet achter EVT-beslút

27 nov 2013 - 19:38
  • De Twadde Keamer stiet achter it beslút fan steatssekretaris Wilma Mansveld

De Twadde Keamer stiet achter it beslút fan steatssiktaris Wilma Mansveld fan Ynfrastruktuer om de EVT net langer op Skylge farre te litten. Neffens Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) hat de steatssikretaris dêrmei de 'minst slechte keuze' makke.

De Keamer debatearre woansdeitejûn oer de farferbining tusken Harns en Skylge. CDA, de SP en D66 wiene kritysk. De SP fynt dat de reiziger de dupe wurdt fan dit beslút. SP en D66 wolle dat der in oplossing komt dêr't alle partijen by belutsen wurde.

Hoe't it krekt komt sil bliken dwaan op 17 desimber. Dan tsjinnet it koart pleit dat de EVT oanspand hat tsjin steatssekretaris Mansveld. Neffens EVT-wurdfierder Erwin Rob stiet de Eigen Veerdienst Terschelling hiel sterk, mar ek steatssiktaris Mansveld hat der betrouwen yn dat de rjochter har belied stypje sil. Mansveld hat nei eigen sizzen wol 'hiel bot wraksele' mei it EVT-dossier. Se hie it beslút om de EVT mei yngong fan febrewaris 2014 út de feart te heljen leaver net nommen, mar fanwege de driging dat de wintertsjinstregeling op Skylge en Flylân ynkrompen wurde soe troch rederij Doeksen moast se wol yngripe om de eilannen goed berikber te hâlden. 'It giet om in publyk belang', sa sei Mansveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)